Folgje de ferkiezingen by Omrop Fryslân: sa bliuwst op de hichte

Oant en mei 16 maart kin elts stimme foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân folget it: online, mar ek op 16 maart mei Fryslân Kiest, fan 19.00 oere ôf op de radio en fan 21.00 oere ôf ek op telefyzje.

Omrop Fryslân presintearret it programma Fryslân Kiest yn gearwurking mei de lokale omrop fan Ljouwert, LEO Middelsé. It programma set om 19.00 oere útein by Omrop Fryslân op de radio, op ynternet en op de kanalen fan LEO Middelsé.

Fan 21.00 oere ôf is it ek by Omrop Fryslân op tv te sjen. Fryslân Kiest duorret oant 01.00 oere

Yn it programma folgje wy it stimtellen, de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzen. It programma wurdt presintearre troch Jan Dirk de Haan en Andries Bakker.

Lees verder: Folgje de ferkiezingen by Omrop Fryslân: sa bliuwst op de hichte | Omrop Fryslân (omropfryslan.nl) (14 maart 2022)

 

Verkiezingsnieuws

logo button
Stichting Maatschappij en Cannabis
Redactie: Gerrit Jan ten Bloemendal, Jeroen Bos en Lisa Lankes
Redactionele bijdragen: Hester Kooistra
Fotografie: Gerrit Jan ten Bloemendal
contact mailadres

elke stem telt 600