CDA Ljouwert wol ûndersyk nei drugs yn rioelwetter
It CDA yn Ljouwert pleitet foar ûndersyk nei drugs yn it rioelwetter. Sa kin fêststeld wurde hoe't it stiet mei it drugsgebrûk yn de ferskate wenwiken fan de gemeente. As it oan de fraksje leit, bart it rioelwetterûndersyk aansten yn de hiele provinsje.
It soe benammen gean om drugs lykas kokaïne, heroïne, methamfetamine, mar ek om himp. Neffens Sytse Brouwer, fraksjefoarsitter fan CDA Ljouwert, komme der in protte sinjalen fan drugsgebrûk út de wenwiken wei. Dêrom wol de partij yn Ljouwert dat in spesjaal ûndersyksburo aansten meunsters docht yn ferskate wenwiken.
Lees verder: CDA Ljouwert wol ûndersyk nei drugs yn rioelwetter | Omrop Fryslân (omropfryslan.nl) (22 februari 2022)